This game is very popular in other languages' forums. (Only West Frisian)
You've been eating since two hours.
Sels bin ik dêr ek net wis fan, mar it klinkt net botte ferkeard. Sels hie ik wol 'oer' brûkt tink ik.Weerwolf wrote:Wat tinkst fan* de situaasje yn Syrje? (* Ik bin der net alhiel grif fan of it korrekt is)
Dit haw ik opsykje moatten, sprekwizen binne net myn ding.Weerwolf wrote:Idleness is the parent of vice. [nl: Ledigheid is des duivels oorkussen.]
Reinder wrote: Sels hie ik wol 'oer' brûkt tink ik.
My cat is sleeping all day.
Ja, ik bin der ek net wis fan oft it no Nederlânske ynfloed is dat ik 'oer' sizze soe of net. Mar 'tinke fan' komt fansels ek hiel folle foar, tink mar oan "No, wat tinkst der fan?".Weerwolf wrote:Eigentlik ik ek, mar google joech mear resultaten foar "tink fan" tsjin as foar "tink oer". Myn gefoel sei "tink oer", mar myn Frysk is gewoan sa slim dat it net beoardiele koe hokker korrekt is.
Ik hie hielendal fergetten dat ik myn fleske bier yn de friezer lizze litten hie, gjin wûnder dat it eksplodearre is.Weerwolf wrote:I totally forgot that I'd left my bottle of beer in the freezer, no wonder it exploded.
De measte minsken brûke 'slim' foar 'tûk' sa as yn it Nederlânsk, dêrtroch wurdt it faak ferkeard begrepen. Sels soe ik bygelyks wol dingen sizze as "Ach, kom op, sa slim is it no ek wer net!", mar net echt mear yn konstruksjes wêr't it ek 'tûk' betsjutte kin, oars kin it ferkeard begrepen wurde.Weerwolf wrote:Tige tank, Reinder!
Hoe soest it wurd ’slim’ brûke?Yn hokker tekstferbân?
Haha, ik haw gjin idee hoe't je 'bubble butt' oersette kinne.Weerwolf wrote:Ik hie dat dy dat sizze moatten daalk neidat wy mekoar moete hawwe.
Hey mate, have you seen that blonde bombshell with that big bubble butt that has just walked past by us?
Reinder wrote:De measte minsken brûke 'slim' foar 'tûk' sa as yn it Nederlânsk, dêrtroch wurdt it faak ferkeard begrepen. Sels soe ik bygelyks wol dingen sizze as "Ach, kom op, sa slim is it no ek wer net!", mar net echt mear yn konstruksjes wêr't it ek 'tûk' betsjutte kin, oars kin it ferkeard begrepen wurde.
Haha, ik haw gjin idee hoe't je 'bubble butt' oersette kinne.
The neighbors have been gone for three weeks now.
Ja, dy is seker hiel grut. Der wurde folle Nederlânske wurden brûkt yn it Frysk en ek wurdt faak de folchoarder fan tiidwurden omdraaid, lykas dit yn it Nederlânsk bard.Weerwolf wrote:Ach sa, it is boeiend. De Nederlânske ynfloed liket my hiel grut te wêzen op it Frysk. Folle mear as ik tocht.
De oare flagge wie natuerlik allinnich fan it Westerlauwersk Frysk en net fan de oare twa Fryske talen. De flagge dy't no brûkt wurdt foar it foarum is de offisjele ynterfryske flagge dy't sûnt 2009 troch de Fryske Rie brûkt wurdt:Weerwolf wrote:Wêrom is de flagge fan it Fryske foarum op de begjinside feroare? Dat is sa lyts dat ik net sjoch wat dêrop derop stiet. Steane dêrop de flaggen fan streken gearstald wêr't Fryske talen sprutsen wurde?
O ja, rûn hie ik ek noch dêroan taheakje kind.Weerwolf wrote:Dat hie ik ek as "grouwe (rûne) kont" oersette.
At it net spield hie, wienen we nei de stêd gong om wat ynkeapen te dwaan.Weerwolf wrote:If it hadn’t rained cats and dogs, we would have been to the city to do some shopping.
At it net spield hie, wienen we nei de stêd gong om wat ynkeapen te dwaan.Weerwolf wrote:If it hadn’t rained cats and dogs, we would have been to the city to do some shopping.
sikke wrote:At it net spield hie, wienen we nei de stêd gong om wat ynkeapen te dwaan.
As it net spield hie, wiene wy nei (de) stêd ta gien en doch ynkeapen.
sikke wrote:De oare nacht, doe't ik fan heit-en-dy har hûs werom ried, wie it tige dizenich bûten.
sikke wrote:The kids are watching way too much television these days
Reinder wrote:Hoi Sikke,
Fan herte wolkom op Unilang. Wat bin ik bliid hjir in memmetaalsprekker fan it Frysk te sjen. It liket derop dat ik hjir de ienichste aktive memmetaalsprekker bin en ik moat earlik sizze dat myn Frysk net hiel geef is. It Frysk dat ik leard haw, siet altyd fol mei Nederlânske wurden, dy't ik der no út probearje te heljen, mar dat giet noch net sa hurd omdat myn famylje ek net echt geef Frysk praat. In pear jier ferlyn koe ik noch net iens Frysk skriuwe, mar dat bin ik mysels no noch hieltyd oan it oanlearen.
Ik hoopje datst hjir aktyf bliuwst, want it soe ynteressant wêze wat mear oer it geef-Frysk te learen.sikke wrote:At it net spield hie, wienen we nei de stêd gong om wat ynkeapen te dwaan.
As it net spield hie, wiene wy nei (de) stêd ta gien en doch ynkeapen.
Ik nim oan dat dit in soart ferbettering fan myn fertaalde sin is. Ik begryp dat "gong" net goed is en dat dit eins "ta gien" wêze moat, mar dan bliuwe der noch in pear fragen oer:
1) Is it ynkorrekt "at" te brûken ynstee fan "as"?
2) Is it ynkorrekt "wienen" te brûken ynstee fan "wiene"?
3) Is it ynkorrekt "we" te brûken ynstee fan "wy"?
4) Is de konstruksje "om wat ynkeapen te dwaan" ynkorrekt?
Foar my klinkt it frjemd om "doch ynkeapen" te sizzen. Wêr komt dy earste persoan inkelfâld wei? Ik bin wol benijd hoe't dat wurket.
sikke wrote:De oare nacht, doe't ik fan heit-en-dy har hûs werom ried, wie it tige dizenich bûten.
Reinder wrote: En dit hie is sels dan wer op dizze manier oerset:
Justernacht, doe't ik fan myn âlders harren hûs weromried, wie it tige dizich bûten.
sikke wrote:The kids are watching way too much television these days
Reinder wrote: Bern sjogge fierstente folle tillevyzje hjoeddeis.
Soest ek sizze kinne wat der ferkeard is oan dy twa sinnen? Op dy manier kin ik der moai wat fan leare.
The weather has been rather cloudy lately.
sikke wrote:Ik wie net as in ferbettering ornearre, hear, mear om sjen te litten hoe't ik it sels oersette soe. Der is ommers frijwat fariaasje binnen it Frysk, en om't it benammen in sprektaal is, binne minsken o sa ûnwis oer harren Frysk. Ik haw sels wol oanleard om sa geef as ik kin Frysk te skriuwen, mar perfekt is it net. Dat, ferbetterje my ek mar ast tinkst dat ik in flater meitsje!
sikke wrote:at, wienen, we: binne typysk sprektaalfoarmen. "Wiene" is âlder en sis ik sels, soms sels [wjIn@]. Ik soe altyd "wy" sizze en skriuwe, ek de klytyske foarm (dy't ik altyd as [wi] sis), maar faaks seisto it as [w@], mar dan noch soe ik de wy-stavering oanhâlde. "Wienen" wurdt wol in soad skreaun, yn notiidske boeken alteast, mar ik bin der sels foar om ien fariant foar sa'n bûging oan te hâlden. Dat is ek minder betizend foar twadde-taallearders, tinkt my.
sikke wrote:Soesto wol sizze fan "ik haw der sin oan en doch ynkeapen"? Of "ik haw der sin oan en gean nei de stêd"? Dit is deselde konstruksje (en plus ymperatyf), hoewol't der yn "myn" sin wol sa faak net foarkomt. Derfandinne datst de sin wat nuver fûnst, tink. Ik mei graach oer dizze konstruksje..
sikke wrote:Ik soe "âlden" sizze, dat is gever.
sikke wrote:Are you sure you want to go on with this?
Reinder wrote:sikke wrote:Are you sure you want to go on with this?
Bist der wis fan datst hjirmei trochgean wolst?
After having traveled for several hours, I am dying to take a nap.
mauw wrote:Ik hie juster gjin nocht om út bêd te komme om de moannefertsjustering te sjen.
"This shaking keeps me steady. I should know.
What falls away is always. And is near.
I wake to sleep, and take my waking slow.
I learn by going where I have to go."
Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”
Users browsing this forum: No registered users and 2 guests