Page 1 of 6

De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-05-21, 14:56
by Reinder
Ik tocht miskien is it wol aardich om de minsken dy't Frysk leare wolle de gelegenheid te jaan om it spultsje "de persoan ûnder my" te spyljen. Ik wit net oft der folle animo foar is, mar ik woe it graach probearje.

Ik sil mar begjinne!

De persoan ûnder my is bliid dat er no ek in Fryske ferzy fan de persoan ûnder my is.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-05-31, 15:08
by Dminor
Jawis! :mrgreen: Der meie hjirre dan net sa'n protte lju wêze, mar wa wyt lûkt dit spultsje en de ferhege aktiviteit dy't it mei him meibringt krekt wol oaren oan...

De persoan ûnder my hat hjoed mei immen fûske.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-05-31, 19:43
by Reinder
Dminor wrote:Jawis! :mrgreen: Der meie hjirre dan net sa'n protte lju wêze, mar wa wyt lûkt dit spultsje en de ferhege aktiviteit dy't it mei him meibringt krekt wol oaren oan...

De persoan ûnder my hat hjoed mei immen fûske.


Ja, ik liuw dat er net in protte animo foar is, mar it Frysk is natuerlik ek mar in lyts taaltsje, dus ik hie eins ek net oars tocht.

Ik ha hjoed mei nimmen fûske.

De persoan ûnder my wennet net yn Nederlân.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-06-09, 2:41
by Dminor
Ja.

De persoan ûnder my hat wol ris yn Hylpen west.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-06-13, 15:26
by Dminor
Dminor wrote:Ja.

Ik sjoch dat ik yn dyn fraach it wurdsje "net" oer 'e holle sjoen ha. :ohwell:

Om't ik sels de persoan ûnder my bin antwurdzje ik ek sels mar. :mrgreen: Eh... Ik bin der eins net hielendal wis fan. :para:

De persoan ûnder my hat lêst fan ealjebijen.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-06-13, 20:21
by Reinder
Dminor wrote:Ik sjoch dat ik yn dyn fraach it wurdsje "net" oer 'e holle sjoen ha. :ohwell:

Om't ik sels de persoan ûnder my bin antwurdzje ik ek sels mar. :mrgreen: Eh... Ik bin der eins net hielendal wis fan. :para:

De persoan ûnder my hat lêst fan ealjebijen.


Haha, ik fûn it al in bietsje in frjemd antwurd.

Ik ha der oer it algemien net safolle lêst fan, ik bin der ek net allergysk foar, dus dat skeelt.

De persoan ûnder my sjocht jûns gauris televyzje.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-09-17, 19:08
by Dminor
Tiid om dit nij libben yn te blazen! Ik sjoch hast nea tillevyzje, en at ik al ris sjoch, is it nijs of oare praatprogramma's.

De persoan ûnder my is it Stêdsk ek machtich.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-05, 14:49
by Reinder
Dminor wrote:Tiid om dit nij libben yn te blazen! Ik sjoch hast nea tillevyzje, en at ik al ris sjoch, is it nijs of oare praatprogramma's.

De persoan ûnder my is it Stêdsk ek machtich.

Haha, ik leau dat dat net sa goed wol, wy skine de ienichste twa te wêzen hjirre.

Ik kin it Stêdsk prima ferstean, ik probearje it ek wol ris te praten, mar ik kin it gewoan net.

De persoan ûnder my hat it op it stuit aardich drok mei skoalle.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-05, 15:45
by Muisje
Reinder wrote:Haha, ik leau dat dat net sa goed wol, wy skine de ienichste twa te wêzen hjirre.
Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. :whistle: As jim dat net erg fyne..

Reinder wrote:De persoan ûnder my hat it op it stuit aardich drok mei skoalle.
Mwah, falt wol ta. Ik doch net sa folle as ik eins dwaan moat.. :roll:

De persoan ûnder my hat syn hiele libben in Fryslân wenje.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-05, 15:57
by Reinder
Muisje wrote:Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. :whistle: As jim dat net slim fine..

Sjoch ris oan, no binne we al mei syn trijen. :)
Dyn stavering falt tige ta hear, ik moat eerlik sizze dat myn stavering ek net op en top is.

Muisje wrote:Mwah, falt wol ta. Ik doch net sa folle as ik eins dwaan moat.. :roll:
De persoan ûnder my hat syn hiele libben in Fryslân wenne.

Ja, dat strykt.

De persoan ûnder my hat famylje yn Fryslân wenjen.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-05, 16:24
by Muisje
Reinder wrote:
Muisje wrote:Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. :whistle: As jim dat net slim fine..

Sjoch ris oan, no binne we al mei syn trijen. :)
Dyn stavering falt tige ta hear, ik moat eerlik sizze dat myn stavering ek net op en top is.
Haha, dat doch ik ek ja, Nederlânse wurde d'r yn gooie. :roll: Tankewol :)
Ik ha it gewoan nea op skoalle leert, ik wit wol wat want ik lês wol ris wat yn it Frysk, mar eins skriuw ik gewoan wat er yn my opkomt. :P Ik wit ek net echt wat standaard-Frysk is en wat allinnich it dialekt fan myn heit is.

Reinder wrote:De persoan ûnder my hat famylje yn Fryslân wenjen.
Ja, in protte. Myn heale famylje sa'n bytsje..

De persoan ûnder my finnet it ek grappich dat 'heal' eins mear op 'heel' liket dan op 'half'. :P

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-05, 18:35
by Reinder
Muisje wrote:Haha, dat doch ik ek ja, Nederlânske wurden der trochhinne goaie. :roll: Tankewol :)
Ik ha it gewoan nea op skoalle leart, ik wit wol wat want ik lês wol ris wat yn it Frysk, mar eins skriuw ik gewoan wat er yn my opkomt. :P Ik wit ek net echt wat standert-Frysk is en wat allinnich it dialekt fan myn heit is.

Ja, in protte. Myn heale famylje sa'n bytsje..

De persoan ûnder my fynt it ek grappich dat 'heal' eins mear op 'heel' liket dan op 'half'. :P

Ik moat earlik sizze dat ik it ek wol ris ferkeard begryp trochdat is sa'n protte op elkoar liket.

De persoan ûnder my is in fanatyk folger fan in bepaalde searje.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-11, 14:11
by Muisje
Ja! House en Castle (d'r komme wer nije tongersdei :mrgreen: ) en Fringe (mar dat is er no net). Mar it hinget erfan ôf watst fanatyk neamst, ik sjoch se allinnich op televyzje, net op it internet of sa.

De persoan ûnder my is ferslaafd oan kofje. :P

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-11, 14:30
by Reinder
Muisje wrote:Ja! House en Castle (der komme wer nije tongersdei :mrgreen: ) en Fringe (mar dat is er no net). Mar it hinget derfan ôf watst fanatyk neamst, ik sjoch se allinnich op ('e) televyzje, net op it internet of sa.

De persoan ûnder my is ferslave oan kofje. :P

Nee, ik mei it net iens.

De persoan ûnder my fynt Wâldsk moaier as Klaaisk.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-14, 17:40
by Dminor
Wolkom, Mûske! :mrgreen:

Muisje wrote:Ik ha it gewoan nea op skoalle leert, ik wit wol wat want ik lês wol ris wat yn it Frysk, mar eins skriuw ik gewoan wat er yn my opkomt. :P Ik wit ek net echt wat standaard-Frysk is en wat allinnich it dialekt fan myn heit is.


Wêr komt dyn heit wei? Faaks hast it wol earder sein mar is it my fergetten... Yn 'e Klaai- en Wâldkriten binne der yn alle gefallen net sa'n bulte ferskillen mei it standertfrysk.

Reinder wrote:De persoan ûnder my fynt Wâldsk moaier as Klaaisk.


No, der binne fansels net sa'n protte ferskillen, lykas ik boppe ek skreaun ha: útsein in pear oare wurden is eins allinnich de útspraak fan 'e ei dúdlik oars, en eins fyn ik beide wol aardich. :P Wâldsk om't it oarspronkliker is, Klaaisk om't it sa Frysk heart. :mrgreen:

De persoan ûnder my hat hjoed itensean.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-14, 18:16
by Reinder
Dminor wrote:No, der binne fansels net sa'n protte ferskillen, lykas ik boppe ek skreaun ha: útsein in pear oare wurden is eins allinnich de útspraak fan 'e ei dúdlik oars, en eins fyn ik beide wol aardich. :P Wâldsk om't it oarspronkliker is, Klaaisk om't it sa Frysk heart. :mrgreen:

De persoan ûnder my hat hjoed itensean.

Ik fyn it Klaaisk ek altyd folle Frysker klinke, dêr hâld ik wol fan.

Nee, myn suster hat hjoed itensean.

De persoan ûnder my kin it Fryske sintsje dat ik krekt betocht haw goed útsprekke op syn Klaask.
Maaie mei mei my mei (Mei mag met mij mee).

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-15, 9:35
by Muisje
Dminor wrote:Wolkom, Mûske! :mrgreen:
Tankewol :mrgreen:

Dminor wrote:Wêr komt dyn heit wei? Faaks hast it wol earder sein mar is it my fergetten... Yn 'e Klaai- en Wâldkriten binne der yn alle gefallen net sa'n bulte ferskillen mei it standertfrysk.
Fan boppe Dokkum, Blije/Holwerd/Ternaard. Ik ha ris in werkstuk (?) skriuwe oer syn Frysk en doe ha we wol wat opsocht op Wikipedy (ik koe eins net sa folle oars fyne oer dialekten). It gebiet is Noardhoeksk blykbar mar dy 'typysk Noardhoekske foarmen' (muolle, buosse, buotter) brûkt er net. :P Ik tink dat it mear Klaaifrysk as Wâldfrysk is mar ek net hielendal, hy seit wol 'ooi' foar 'aai' mar 'ei' is mear 'ai'.

Reinder wrote:De persoan ûnder my kin it Fryske sintsje dat ik krekt betocht haw goed útsprekke op syn Klaask.
Maaie mei mei my mei (Mei mag met mij mee).
Ik kin überhaupt (brûkt man dat ek yn it Frysk?) neat goed útsprekke op syn Frysk. :P Hm.. wurd 'my' ek 'mooi' dan?

De persoan ûnder my fynt it jammer dat Twarres net mear fêskes yn it Frysk sjongt.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-15, 9:48
by Reinder
Muisje wrote:Fan boppe Dokkum, Blije/Holwerd/Ternaard. Ik ha(w) ris in wurkstik skreaun oer syn Frysk en doe ha(w) we wol wat opsocht op Wikipedy (ik koe eins net sa folle oars fine oer dialekten). It gebiet is Noardhoeksk blykbar mar dy 'typysk Noardhoekske foarmen' (muolle, buosse, buotter) brûkt er net. :P Ik tink dat it mear Klaaifrysk as Wâldfrysk is mar ek net hielendal, hy seit wol 'ooi' foar 'aai' mar 'ei' is mear 'ai'.

Ik kin überhaupt (brûke hja dat ek yn it Frysk?) net goed dingen útsprekke op syn Frysk. :P Hm.. wurd 'my' ek 'mooi' dan?

Ik wit net sa goed hoe't it sit, ik bin ek net sa thús yn 'e fonetyk, mar it kin hiel goed dat dyn heit der tusken yn sit, want dat sitte wy thús ek, dat is gewoan mear Standertfrysk, sûnder dialekt. Überhaupt kist neffens my wol yn it Frysk brûke, ik brûk it tenminsten wol.

Muisje wrote:De persoan ûnder my fynt it jammer dat Twarres net mear fêskes yn it Frysk sjongt.

Ja, dat is altyd spitich, ik fyn it altyd wol leuk, die fêskes yn myn memmetaal.

De persoan ûnder my lústert wol ris nei Piter Wilkens.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-26, 12:17
by Weerwolf
Ja, ik haw wolris nei Piter Wilkens harke.

De persoan ûnder my giet sneins nei tsjerke.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2011-10-26, 12:38
by Reinder
Weerwolf wrote:Ja, ik haw wolris nei Piter Wilkens harke.

De persoan ûnder my giet sneins nei tsjerke.

Wat ûntsettend leuk om dy hjir te sjen, ik bin sa bliid om te sjen dat dyn Frysk sa goed is!

It tiidwurd 'harkje' is mear heil yntinsyf lústerje, of echt nei immen syn wurden lústerje, ik hie in dit gefal 'lústere' brûkt, mar dat komt miskien ek omdat 'harkje' hieltyd minder faak brûkt wurd. Grammatikaal kloppet dyn sin wol.

Ik ha noch nea in tsjerketsjinst meimakke, dus ik gean sneins net nei tsjerke.

De persoan ûnder my is noch net oer syn religy út.