Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Moderators:Dminor, Reinder

User avatar
Leviwosc
Posts:4743
Joined:2002-06-28, 3:38
Real Name:Reinaldus Adreanus
Gender:male
Location:Tilburg
Country:NLThe Netherlands (Nederland)
Contact:
Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Leviwosc » 2012-01-11, 1:16

Goeie Allegearre,

Ik haw in fraach oer de tiidwurden yn it Frysk! Wat binne de rigels?

Is de konstruksje fan de tiidwurden ferlykber mei de Nederlânske konstruksje fan tiidwurden? Hoe sjocht de bûging fan in regelmjittich Frysk tiidwurd derút?

Tink do net dat it grappich is as in Brabander Frysk wol learen? :lol:
Image Image | Image Image Image Image | Image Image Image

User avatar
Reinder
Language Forum Moderator
Posts:3774
Joined:2011-03-22, 17:21
Gender:male
Country:MXMexico (México)

Re: Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Reinder » 2012-01-11, 7:33

Leviwosc wrote:Goeie Allegearre,

Ik haw in fraach oer de tiidwurden yn it Frysk! Wat binne de regels?

Is de konstruksje fan de tiidwurden ferlykber mei de Nederlânske konstruksje fan tiidwurden? Hoe sjocht de bûging fan in regelmjittich Frysk tiidwurd derút?

Tinksto do net dat it grappich is as in Brabander Frysk wol learen wol? :lol:

-Rigel- kinst allinnich brûke ast it oer de rigels yn bygelyks in ferhaal hast, ast it oer foarskriften hast, dan brûke we yn it Frysk -regels-.

Ik fyn it altyd lestich om oer regelmjittige tiidwurden te praten, want yn it Frysk binne der in protte ûnregelmjittige tiidwurden.

Yn it Nederlânsk wurdt faak it tiidwurd "werken" brûkt om de bûging fan regelmjittige tiidwurden sjen te litten. Ûndersteand it tiidwurd "wurkje":

    Wurkje
    Ik wurkje
    Do wurkest
    Hy wurket
    Wy/jim/sy wurkje

"Wurkje" is yn it Frysk net hielendal regelmjittich, mar der binne in tal tiidwurden dy't itselde bûge wurde as "wurkje". No ha ik in tiidwurd fûn wêrfan ik tink dat it in regelmjittich tiidwurd is, nammentlik it tiidwurd "bakke".

    Bakke
    Ik bak
    Do bakst
    Hy bakt
    Wy/jim/sy bakke

No bist wierskynlik ek noch wol nijsgjirrich nei de doetiid en de folsleine tiid. De doetiid is hiel lestich, dêr ha ik sels de measte problemen mei, it is faak ûnregelmjittich.

    Bakke
    Ik bakte
    Do baktest
    Hy bakte
    Wy/jim/sy bakten

En yn 'e folsleine tiid wurd it mulwurd "bakt" brûkt, dit is in regelmjittige bûging. Om it noch koart gear te fetsjen meitsje ik in skemaatsje (it streepke stiet foar de stam).

    Yn 'e notiid:
    ik -Ø
    do -st
    hy -t
    wy -e

    Yn 'e doetiid:
    ik -te/de
    do -test/dest
    hy -te/de
    wy -ten/den

    Yn 'e folsleine tiid:
    -t/d

Ik tink datst it gewoan wol oanfiele kist, omdat der op sich net sokke grutte ferskillen mei it Nederlânsk binne. Sommige dûbele bylûden ferdwine krekt as yn it Nederlânsk.

Tink derom dat hast alle tiidwurden yn it Frysk mei in -e- eindigje en net mei in -n-, krekt as "leare", dy -n- komt der allinnich efter as der "te" foar stiet.

Ik hoopje datst hjir wat oan hast. Ik bin noch net sa'n goeie learaar, dus stel gewoan mar wat fragen, dan beäntwurdzje ik dy gewoan, want útlizze is net myn sterkste punt.

Ik fyn it trouwens hiel moai datst as Brabanner Frysk learst, do bist seldsum yn dyn soart. :)
Image Image Image Image | Image | Image

User avatar
Reinder
Language Forum Moderator
Posts:3774
Joined:2011-03-22, 17:21
Gender:male
Country:MXMexico (México)

Re: Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Reinder » 2012-08-04, 8:23

Ik haw op it ynternet noch in boekje fûn oer Fryske tiidwurden. Ik fyn it spitich, datst it boekje net ynsjen kinst, mar it liket in handich boekje.

http://www.bol.com/nl/p/tiidwurden/1001004001548751/
Image Image Image Image | Image | Image

User avatar
Leviwosc
Posts:4743
Joined:2002-06-28, 3:38
Real Name:Reinaldus Adreanus
Gender:male
Location:Tilburg
Country:NLThe Netherlands (Nederland)
Contact:

Re: Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Leviwosc » 2012-08-12, 0:57

Ik heb dit boek al in mijn bezit. ;-)

Wellicht kan ik er fotokopiën van maken.
Image Image | Image Image Image Image | Image Image Image

User avatar
Lauren
Posts:3581
Joined:2012-04-09, 7:50
Real Name:Lauren
Gender:female
Location:Seattle, WA
Country:USUnited States (United States)

Re: Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Lauren » 2012-08-12, 1:41

Leviwosc wrote:Ik heb dit boek al in mijn bezit. ;-)

Wellicht kan ik er fotokopiën van maken.

If you do that, please tell me. I would love to have that book. :)
Native:            (en-US)
Advanced:       (eu)
Just started:    (cs)
Trans woman  Image

User avatar
Reinder
Language Forum Moderator
Posts:3774
Joined:2011-03-22, 17:21
Gender:male
Country:MXMexico (México)

Re: Tiidwurden yn it Frysk... wat binne de rigels?

Postby Reinder » 2012-08-13, 8:52

Leviwosc wrote:Wellicht kan ik er fotokopiën van maken.
Ja, miskien kinst ris in pear pagina's ynskenne, ik bin wol benijd hoe't it derút sjocht.
Image Image Image Image | Image | Image


Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”

Who is online

Users browsing this forum: No registered users and 11 guests