Leviwosc wrote:Goeie Allegearre,
Ik haw in fraach oer de tiidwurden yn it Frysk! Wat binne de r
egels?
Is de konstruksje fan de tiidwurden ferlykber mei de Nederlânske konstruksje fan tiidwurden? Hoe sjocht de bûging fan in regelmjittich Frysk tiidwurd derút?
Tink
sto do net dat it grappich is as in Brabander Frysk
wol leare
n wol?
-Rigel- kinst allinnich brûke ast it oer de rigels yn bygelyks in ferhaal hast, ast it oer foarskriften hast, dan brûke we yn it Frysk -regels-.
Ik fyn it altyd lestich om oer regelmjittige tiidwurden te praten, want yn it Frysk binne der in protte ûnregelmjittige tiidwurden.
Yn it Nederlânsk wurdt faak it tiidwurd "werken" brûkt om de bûging fan regelmjittige tiidwurden sjen te litten. Ûndersteand it tiidwurd "wurkje":
Wurkje
Ik wurkje
Do wurkest
Hy wurket
Wy/jim/sy wurkje
"Wurkje" is yn it Frysk net hielendal regelmjittich, mar der binne in tal tiidwurden dy't itselde bûge wurde as "wurkje". No ha ik in tiidwurd fûn wêrfan ik tink dat it in regelmjittich tiidwurd is, nammentlik it tiidwurd "bakke".
Bakke
Ik bak
Do bakst
Hy bakt
Wy/jim/sy bakke
No bist wierskynlik ek noch wol nijsgjirrich nei de doetiid en de folsleine tiid. De doetiid is hiel lestich, dêr ha ik sels de measte problemen mei, it is faak ûnregelmjittich.
Bakke
Ik bakte
Do baktest
Hy bakte
Wy/jim/sy bakten
En yn 'e folsleine tiid wurd it mulwurd "bakt" brûkt, dit is in regelmjittige bûging. Om it noch koart gear te fetsjen meitsje ik in skemaatsje (it streepke stiet foar de stam).
Yn 'e notiid:
ik -Ø
do -st
hy -t
wy -e
Yn 'e doetiid:
ik -te/de
do -test/dest
hy -te/de
wy -ten/den
Yn 'e folsleine tiid:
-t/d
Ik tink datst it gewoan wol oanfiele kist, omdat der op sich net sokke grutte ferskillen mei it Nederlânsk binne. Sommige dûbele bylûden ferdwine krekt as yn it Nederlânsk.
Tink derom dat hast alle tiidwurden yn it Frysk mei in -e- eindigje en net mei in -n-, krekt as "leare", dy -n- komt der allinnich efter as der "te" foar stiet.
Ik hoopje datst hjir wat oan hast. Ik bin noch net sa'n goeie learaar, dus stel gewoan mar wat fragen, dan beäntwurdzje ik dy gewoan, want útlizze is net myn sterkste punt.
Ik fyn it trouwens hiel moai datst as Brabanner Frysk learst, do bist seldsum yn dyn soart.