Page 4 of 6

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-17, 19:30
by Dminor
Nee, ik leau net dat ik myn hier ea farve ha.

De persoan ûnder my is dizze dagen drok dwaande mei skoalle.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-17, 20:20
by Weerwolf
Ja, yn maaie en yn juny haw ik 'e eksamenperioade, en yn dizze twa moannen bin ik altyd dwaande mei skoalle. Fan 'e wike hie ik trije examen.

De persoan ûnder my fynt dat it dronken ride yn syn/har eigen lân stranger beboete wurde moat.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-18, 16:04
by Reinder
Dminor wrote:Nee, ik leau net dat ik myn hier ea farve ha.
Wat leuk om dy hjir ek wer ris te sjen. Al docht Weerwolf flink aktyf mei, it is ek wol aardich om hjir ris wat oare minsken te sjen. :)
Ik wit trouwens net seker ofst it wurd "farve" wol as tiidwurd brûke kinst. Ik ken it wurd "farve" allinnich mar as in haadwurd. Ast it tiidwurd "fervje" op de gewoane manier bûgje soest, soest op "ferve" útkomme.

Weerwolf wrote:Ja, yn maaie en yn juny haw ik 'e eksamenperioade, en yn dizze twa moannen bin ik altyd folle dwaande mei skoalle. Fan 'e wike hie ik trije eksamens.
Kinst net twa moannen altyd dwaande wêze. Mei it wurd "folle" derby kin it op ien of oare manier wol en klinkt it wol goed. Freegje my net wêrom.

Weerwolf wrote:De persoan ûnder my fynt dat it dronken ride yn syn/har eigen lân stranger beboete wurde moat.
"it dronken ride" Klinkt in bietsje nuver, ik hie earder eat sein fan; "ûnder ynfloed fan alkohol ride" of "dronken bestjoerders". Mar wat my oangiet mei dat yn Nederlân yndie wol wat stringer beboet wurde, want der falle noch in soad ûngelokken foar, wêr't alkohol mei ûnder spilet.

De persoan ûnder my hat dizze wike noch te swimmen west.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-19, 15:17
by Dminor
Reinder wrote:
Dminor wrote:Nee, ik leau net dat ik myn hier ea farve ha.
Wat leuk om dy hjir ek wer ris te sjen. Al docht Weerwolf flink aktyf mei, it is ek wol aardich om hjir ris wat oare minsken te sjen. :)

Ja, ik soe hjir wat faker delkomme moatte. :) Ik sjoch datsto Noardfrysk opnommen hast, hulde!

Reinder wrote:Ik wit trouwens net seker ofst it wurd "farve" wol as tiidwurd brûke kinst. Ik ken it wurd "farve" allinnich mar as in haadwurd. Ast it tiidwurd "fervje" op de gewoane manier bûgje soest, soest op "ferve" útkomme.

It kin wol útkomme datst it net kenst, ik ha mei sin in dialektfoarm brûkt. :whistle: Sjoch hjirre mar ris.

Reinder wrote:De persoan ûnder my hat dizze wike noch te swimmen west.

Nee, dat is al wol wer in skoftsje lyn. Ik tink no in moanne of twa.

De persoan ûnder my is net gauris lulk.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-19, 15:27
by Reinder
Dminor wrote:Ja, ik soe hjir wat faker delkomme moatte. :) Ik sjoch datsto Noardfrysk opnommen hast, hulde!
Yndie! No, ik besykje ôf en ta in bietsje Noardfrysk te learen, mar it is lestich om te kontrolearjen of ik it ek echt goed doch. Ik brûk ek it meast foarkommende dialekt, dan haw ik noch kâns dat ik der eat oer fyn op it ynternet, mar meastal is it gewoan gokke.

Dminor wrote:It kin wol útkomme datst it net kenst, ik ha mei sin in dialektfoarm brûkt. :whistle: Sjoch hjirre mar ris.
It kaam my al net folslein frjemd foar, wist ek wêr't it brûkt wurdt? Yn 'e Klaai of sa?

Dminor wrote:De persoan ûnder my is net gauris lulk.
Nee, it heucht my net mear wannear't ik foar it lêst lulk wie, dus ik bin hast noait lulk, dan moast wol hiel fier gean.

De persoan ûnder my hat bysûndere plannen foar moarn.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-31, 15:32
by Gibraltar
Ik ha gijn plannen foar moarn.

De persoan ûnder my hat en hûn.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-05-31, 16:11
by Reinder
Gibraltar wrote:Ik ha gjin plannen foar moarn.

De persoan ûnder my hat in hûn.
Wat fantastysk om hjir ris immen oars te sjen en foaral immen dy't gjin Nederlânsk sprekt. Wolkom hjir. :D

Mar, ja, wy hawwe twa hûnen thús. :)

De persoan ûnder my hat op it stuit skeane pine yn 'e holle.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-06-29, 10:28
by Weerwolf
Nee, op it stuit ha ik gjin pineholle.

De persoan ûnder my hat in kater.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-13, 8:08
by Reinder
Weerwolf wrote:De persoan ûnder my hat in kater.
Ik drink net, dus ik haw noch noait in kater fan alkohol hân. Mar ik haw wol in manlike kat, dus haw ik dochs noch in kater. :)

De persoan ûnder my hat no offisjeel fakânsje.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 9:17
by Weerwolf
Reinder wrote:De persoan ûnder my hat no offisjeel fakânsje.

Ja, en ik geniet derfan.

De persoan ûnder my fynt ôfbiten neilen ôfgryslik.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 17:41
by Reinder
Weerwolf wrote:De persoan ûnder my fynt ôfbiten neilen ôfgryslik.
Ik byt sels myn neilen ek, mar ik haw gjin koarte neilen. As se hiel koart binne fyn ik it er net sa lekker útsjen, mar ast se gewoan op normale lingte ôfbytst, dan is der neat ôfgrysliks oan.

De persoan ûnder my kin in Frysk dialekt prate.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 17:53
by Plaas
Nee, dat kin ik net. Ik kin wol Tesselsk, mar dat sil wol net meitelle.

De persoan ûnder my wennet yn in doarp dear't in tsjerke mei in sealtektoer stiet.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 17:59
by Reinder
Plaas wrote:Nee, dat kin ik net. Ik kin wol Tesselsk, mar dat sil wol net meitelle.
Nee, dat heart ta it Hollânsk, hè. :)

Plaas wrote:De persoan ûnder my wennet yn in doarp dear't wêr't in tsjerke mei in sealtektoer stiet.
Ik hie gjin idee wat in sealtektoer wie, mar ik haw it eefkes opsocht en de tsjerke hjir hat yn elts gefal net sa'n toer.

De persoan ûnder my fynt Fryslân ien fan de moaiste gebieten fan Nederlân.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 18:16
by Plaas
Reinder wrote:
Plaas wrote:Nee, dat kin ik net. Ik kin wol Tesselsk, mar dat sil wol net meitelle.
Nee, dat heart ta it Hollânsk, hè. :)


Dat fyn ik net. De West-Fryske dialekten foarme in eigen groep mei fansels in protte oerienkomsten mei it Hollânsk, mar ek in soad ferskillen. In oprjochte West-Fries is gjin Hollâner, ek al hiet ús provinsje tsjinwurdich sa (mar dat is in flater út de 19e ieu...).

De persoan ûnder my fynt Fryslân ien fan de moaiste gebieten fan Nederlân.


Ja, ik fyn Fryslân tige moai, mar de oare provinsjes binne ek net min.

De persoan ûnder my lêst Fryske poezij.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 19:32
by Weerwolf
Nee, myn Frysk is net sa goed om poëzy te lêzen.

De persoan ûnder my hat in maskotte (of loksbringer?).

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 19:58
by Reinder
Plaas wrote:Dat fyn ik net. De West-Fryske dialekten foarme in eigen groep mei fansels in protte oerienkomsten mei it Hollânsk, mar ek in soad ferskillen. In oprjochte West-Fries is gjin Hollâner Hollanner, ek al hiet hjit ús provinsje tsjinwurdich sa (mar dat is in flater út de 19e ieu...).
Ik kin my yndie foarstelle dat minsken út it noarden fan Noard-Hollân sich net echt Hollânsk fiele, mar dochs wurdt it West-Frysk ta it Hollânsk rekkene.

hiet = heette
hjit = heet


Plaas wrote:Ja, ik fyn Fryslân tige moai, mar de oare provinsjes binne ek net min.
Ik fyn de kar fan it wurd 'min' in bytsje frjemd. Ik soe net sizze dat in provinsje der 'min' útsjocht, dan soe ik tinke dat de provinsje siik is. Miskien is hjir it wurd 'raar' better om te brûken; "Mar de oare provinsjes sjogge der ek net raar út.".

Plaas wrote:De persoan ûnder my lêst Fryske poëzij.
Nee, ik lês eins noait Frysk.

De persoan ûnder my hat alris in Frysk boek lêzen.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 20:22
by Weerwolf
Reinder, do hast it antwurd op myn sin fergetten te skriuwen. :)

Nee, ik haw noch noait in boek yn it Frysk lêzen.

De persoan ûnder my hat in maskotte (of loksbringer?).

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-17, 20:32
by Reinder
Weerwolf wrote:Reinder, do hast it antwurd op myn sin fergetten te skriuwen. :)
Sorry, ik hie dyn antwurd hielendal oer de holle sjoen.

Weerwolf wrote:Nee, myn Frysk is net sa goed goed genôch om poëzy te lêzen.

De persoan ûnder my hat in maskotte (of loksbringer?).
Ik haw noch nea fan it wurd 'loksbringer' heard. Ik fyn it wol in aardich wurd en ik wit watst der mei bedoelst. Ik wit hjir sels ek gjin moai Frysk wurd foar. Ik leau dat 'maskotte' dan dochs it bêste wurd is. In geloksdinkje klinkt ek wol in bytsje ûndúdlik.
Mar ik haw gjin maskotte, miskien moat ik der dochs mar ris ien keapje of sa, dan haw ik miskien wat mear gelok. :)

De persoan ûnder my hat hjoed de televyzje noch net oan hân.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-18, 7:40
by Plaas
Dochs wol. Ik haw fan'e moarn it nijs sjûn.

Reinder wrote:Ik kin my yndie foarstelle dat minsken út it noarden fan Noard-Hollân sich net echt Hollânsk fiele, mar dochs wurdt it West-Frysk ta it Hollânsk rekkene.


Dêr is folle debat oer, net alle taalkundigen rekkene it ta it Hollânsk. Sels doch ik dat ek net, it is in eigen groep mei Hollânse ynfloeden. Yn it suden fan'e provinsje binne dy ynfloeden fansels dúdliker as yn it noarden.

De persoan ûnder my praat better Nederlânsk as Frysk.

Re: De persoan ûnder my ... (spul)

Posted: 2012-07-18, 10:59
by Reinder
Plaas wrote:Dochs wol. Ik haw fan_'e moarn it nijs sjûn sjoen.

Dêr is folle debat oer, net alle taalkundigen rekkenje it ta it Hollânsk. Sels doch ik dat ek net, it is in eigen groep mei Hollânske ynfloeden. Yn it suden fan_'e provinsje binne dy ynfloeden fansels dúdliker as yn it noarden.

De persoan ûnder my praat better Nederlânsk as Frysk.
Dat fyn ik in ynteressante fraach, mar ik moat dochs sizze dat ik better Nederlânsk praat. Ik haw noait Frysk op skoalle hân, dus der binne noch folle dingen, dy't noch in bietsje ûndúdlik foar my binne yn it Frysk. Der is ek net sa folle materiaal foar it Frysk en der binne hieltyd mear Nederlânske wurden dy't derby ynkrûpe. Ik probearje myn Frysk noch altyd wol te ferbetterjen, mar ik leau net dat it oait better wurdt as myn Nederlânsk, der binne noch altyd te folle fraachtekens foar my by sommige taalaspekten, dy't ik net beäntwurde krij, trochdat der net genôch materiaal is foar it Frysk.

De persoan ûnder my sjocht wol ris nei Omrop Fryslân.