Dminor wrote:Jawis! Der meie hjirre dan net sa'n protte lju wêze, mar wa wyt lûkt dit spultsje en de ferhege aktiviteit dy't it mei him meibringt krekt wol oaren oan...
De persoan ûnder my hat hjoed mei immen fûske.
Dminor wrote:Ja.
Dminor wrote:Ik sjoch dat ik yn dyn fraach it wurdsje "net" oer 'e holle sjoen ha.
Om't ik sels de persoan ûnder my bin antwurdzje ik ek sels mar. Eh... Ik bin der eins net hielendal wis fan.
De persoan ûnder my hat lêst fan ealjebijen.
Dminor wrote:Tiid om dit nij libben yn te blazen! Ik sjoch hast nea tillevyzje, en at ik al ris sjoch, is it nijs of oare praatprogramma's.
De persoan ûnder my is it Stêdsk ek machtich.
Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. As jim dat net erg fyne..Reinder wrote:Haha, ik leau dat dat net sa goed wol, wy skine de ienichste twa te wêzen hjirre.
Mwah, falt wol ta. Ik doch net sa folle as ik eins dwaan moat..Reinder wrote:De persoan ûnder my hat it op it stuit aardich drok mei skoalle.
Muisje wrote:Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. As jim dat net slim fine..
Muisje wrote:Mwah, falt wol ta. Ik doch net sa folle as ik eins dwaan moat..
De persoan ûnder my hat syn hiele libben in Fryslân wenne.
Haha, dat doch ik ek ja, Nederlânse wurde d'r yn gooie. TankewolReinder wrote:Muisje wrote:Ik kin it ek wol ris probearje, mar ik kin net sa goed Frysk en ik kin hielendal net spelle. As jim dat net slim fine..
Sjoch ris oan, no binne we al mei syn trijen.
Dyn stavering falt tige ta hear, ik moat eerlik sizze dat myn stavering ek net op en top is.
Ja, in protte. Myn heale famylje sa'n bytsje..Reinder wrote:De persoan ûnder my hat famylje yn Fryslân wenjen.
Muisje wrote:Haha, dat doch ik ek ja, Nederlânske wurden der trochhinne goaie. Tankewol
Ik ha it gewoan nea op skoalle leart, ik wit wol wat want ik lês wol ris wat yn it Frysk, mar eins skriuw ik gewoan wat er yn my opkomt. Ik wit ek net echt wat standert-Frysk is en wat allinnich it dialekt fan myn heit is.
Ja, in protte. Myn heale famylje sa'n bytsje..
De persoan ûnder my fynt it ek grappich dat 'heal' eins mear op 'heel' liket dan op 'half'.
Muisje wrote:Ja! House en Castle (der komme wer nije tongersdei ) en Fringe (mar dat is er no net). Mar it hinget derfan ôf watst fanatyk neamst, ik sjoch se allinnich op ('e) televyzje, net op it internet of sa.
De persoan ûnder my is ferslave oan kofje.
Muisje wrote:Ik ha it gewoan nea op skoalle leert, ik wit wol wat want ik lês wol ris wat yn it Frysk, mar eins skriuw ik gewoan wat er yn my opkomt. Ik wit ek net echt wat standaard-Frysk is en wat allinnich it dialekt fan myn heit is.
Reinder wrote:De persoan ûnder my fynt Wâldsk moaier as Klaaisk.
Dminor wrote:No, der binne fansels net sa'n protte ferskillen, lykas ik boppe ek skreaun ha: útsein in pear oare wurden is eins allinnich de útspraak fan 'e ei dúdlik oars, en eins fyn ik beide wol aardich. Wâldsk om't it oarspronkliker is, Klaaisk om't it sa Frysk heart.
De persoan ûnder my hat hjoed itensean.
TankewolDminor wrote:Wolkom, Mûske!
Fan boppe Dokkum, Blije/Holwerd/Ternaard. Ik ha ris in werkstuk (?) skriuwe oer syn Frysk en doe ha we wol wat opsocht op Wikipedy (ik koe eins net sa folle oars fyne oer dialekten). It gebiet is Noardhoeksk blykbar mar dy 'typysk Noardhoekske foarmen' (muolle, buosse, buotter) brûkt er net. Ik tink dat it mear Klaaifrysk as Wâldfrysk is mar ek net hielendal, hy seit wol 'ooi' foar 'aai' mar 'ei' is mear 'ai'.Dminor wrote:Wêr komt dyn heit wei? Faaks hast it wol earder sein mar is it my fergetten... Yn 'e Klaai- en Wâldkriten binne der yn alle gefallen net sa'n bulte ferskillen mei it standertfrysk.
Ik kin überhaupt (brûkt man dat ek yn it Frysk?) neat goed útsprekke op syn Frysk. Hm.. wurd 'my' ek 'mooi' dan?Reinder wrote:De persoan ûnder my kin it Fryske sintsje dat ik krekt betocht haw goed útsprekke op syn Klaask.
Maaie mei mei my mei (Mei mag met mij mee).
Muisje wrote:Fan boppe Dokkum, Blije/Holwerd/Ternaard. Ik ha(w) ris in wurkstik skreaun oer syn Frysk en doe ha(w) we wol wat opsocht op Wikipedy (ik koe eins net sa folle oars fine oer dialekten). It gebiet is Noardhoeksk blykbar mar dy 'typysk Noardhoekske foarmen' (muolle, buosse, buotter) brûkt er net. Ik tink dat it mear Klaaifrysk as Wâldfrysk is mar ek net hielendal, hy seit wol 'ooi' foar 'aai' mar 'ei' is mear 'ai'.
Ik kin überhaupt (brûke hja dat ek yn it Frysk?) net goed dingen útsprekke op syn Frysk. Hm.. wurd 'my' ek 'mooi' dan?
Muisje wrote:De persoan ûnder my fynt it jammer dat Twarres net mear fêskes yn it Frysk sjongt.
Weerwolf wrote:Ja, ik haw wolris nei Piter Wilkens harke.
De persoan ûnder my giet sneins nei tsjerke.
Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”
Users browsing this forum: No registered users and 10 guests