Nee, ik haw net eltse dei tiid hân om nei de Olympyske Spullen te sjen, ik sjoch ôf en ta ris wat, dat fyn ik eins ek wol genôch.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my sjocht alle dagen nei de Olympyske Spullen.
Omdatst it Frysk noch net sa lang learst, tink ik dat it wol aardich is om dyn flaters eefkes besykje út te lizzen. Ek haw ik it der yn it Ingelsk ûnder set, omdat it dochs wol folle Frysk is foar in begjinner.Hildakojon wrote:Nee, elke1) taal dat dy't2) ik lear gebrûkt3) it Romeinske4) alfabet.
Wat is it favoryt favorite5) Fryske4) boek fan de persoan ûnder my?
Net hielendal fansels, mar ik kin it earste stikje wol aardich meisjonge.Plaas wrote:De persoan ûnder my kin it Fryske folksliet sjonge.
Reinder wrote:Net hielendal fansels, mar ik kin it earste stikje wol aardich meisjonge.Plaas wrote:De persoan ûnder my kin it Fryske folksliet sjonge.
De persoan ûnder my fynt dat Fryslân nochal nasjonalistysk ynstelt is.
Gjin dank, ik help graach minsken dy't Frysk leare.Hildakojon wrote:Tige tank Reinder! That was an incredibly helpful post, so thank you very much.
Nee, dat haw ik noch nea preaun. Ik drink ek net, dus folle alkohol haw ik ek noch net preaun. Ik kin my net iens herinnerje oft ik oait wol ris Bearenburch preaun haw.Plaas wrote:De persoan ûnder my hat wolris Fryske whiskey preaun.
1) In 'y' yn in iepen wurdlid wurdt skreaun as in 'i'.Weerwolf wrote:Myn favorite1) Fryske sjonger is Syb van der Ploeg. Hy is de bêste fan alle sjongers út Nederlân en Fryslân. Hy hat in krêftige2), heldere stim.
Nee, wy hawwe in nepbeam, dy't we al meardere jierren hawwe.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my hat hjoed de krystbeam kocht.
O, ik bin wol in bytsje jaloersk, hjir is alles grien en wiet. Mar gelokkich hawwe wy it foarrige jier in moaie wite kryst hân.Weerwolf wrote:Ja, en einlings krigen (mooglik krigen ferfange troch hienen, dat klinkt Frysker) wy dit jier (ek) in wite Kryst. Oeral leit snie, it hiele lânskip is wyt.
Tankewol! It is in bytsje let, mar do ek noch in noflike krystjûn. En ik winskje dy natuerlik alfêst in protte lok en seine yn it nije jier!Weerwolf wrote:Reinder, ik winskje dy noflike krystdagen!
Ja, ik fyn kryst yn alle gefallen folle geselliger, benammen de sfear fyn ik altyd sa moai mei de kryst.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my fynt Kryst aardiger as Sinteklaas.
Reinder wrote:Tankewol! It is in bytsje let, mar do ek noch in noflike krystjûn. En ik winskje dy natuerlik alfêst in protte lok en seine yn it nije jier!
De persoan ûnder my hat noch gjin plannen foar âld en nij dit jier.
Dat strykt. Ik hâld net fan de gefolgen dy't alkohol mei him mei draacht. En boppedat fyn ik it hielendal net lekkerder as frisdrinken.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my drinkt noait alkohol.
Ik fyn in lyts húske just wol gesellich, dan hoechst yn elts gefal net sa folle skjin te hâlden. Sa lang de auto en it hûs der mar goed en moai útsjogge, makket it my net safolle út hoe grut se beide binne.Spaigelploatje wrote:Nee, ik haw it fierje fierd mei myn ploechje freonen yn 'e kroech. Net sa bysûnder, gewoan in bytsje mâl dwaan en sûpe.
De persoan ûnder my hat leaver ien grut hûs en ien lytse auto as ien lyts húske en ien grutte auto.
Nee, sa út en troch moat ik myn noas eefkes snute fanwege de kjeld, mar ik bin gelokkich net ferkâlden.Weerwolf wrote:It is tige ûnwierskynlik dat ik dit jier earne hinne ferhúzje sil.
De persoan ûnder my is snipferkâlden.
Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”
Users browsing this forum: No registered users and 6 guests