Weerwolf wrote:Ja, op Omrop Fryslân harkje ik nei de radio (nei it nijs) en op 'e televyzje loaitsje ik nei it waarberjocht.
Skitterend Frysk watsto hjir skriuwst, mar tsjintwurdich hearst de wurden "harkje" en "loaitsje" net sa faak mear. Foaral "loaitsje", skitterend wurd, mar ik wit seker dat as ik it tsjin bern fan myn leeftyd sis, dit se gjin idee hawwe wat it betsjut. Harkje wurdt noch wol troch eltsenien ferstien, mar foar "loaitsje" soe ik foar de fersteanberheid dochs "sjen" brûke.
Weerwolf wrote:Ik moat tajaan dat ik net folle ferstean. In diel fan 'e minsken binne dreech te begripen. Foar my sprekke se te snel.
Wol hiel goed datsto it besikest. Ik kin my ek foarstelle dat der yndie sommige echte boeren nochal lêstich te ferstean binne.
Weerwolf wrote:Nee, ik kin myn namme allinne mar yn twa skriften skriuwe. (yn it Latynsk en it Sirillysk.)
Hjir klinkt it better asto "mar" brûkst, kist it efter "allinne" sette, mar kist ek "allinne" fuortlitte en gewoan allinnich "mar" sizze.
Weerwolf wrote:De persoan ûnder my sprekt Russysk.
Nee, ik haw it wol in tydsje leart, mar fjirder as in pear sinnen kom ik eins net.
De persoan ûnder my hat hjoed mei in bûtenlanner sprutsen.