Wat leuk om dy hjir ek wer ris te sjen. Al docht Weerwolf flink aktyf mei, it is ek wol aardich om hjir ris wat oare minsken te sjen.Dminor wrote:Nee, ik leau net dat ik myn hier ea farve ha.
Kinst net twa moannen altyd dwaande wêze. Mei it wurd "folle" derby kin it op ien of oare manier wol en klinkt it wol goed. Freegje my net wêrom.Weerwolf wrote:Ja, yn maaie en yn juny haw ik 'e eksamenperioade, en yn dizze twa moannen bin ik altyd folle dwaande mei skoalle. Fan 'e wike hie ik trije eksamens.
"it dronken ride" Klinkt in bietsje nuver, ik hie earder eat sein fan; "ûnder ynfloed fan alkohol ride" of "dronken bestjoerders". Mar wat my oangiet mei dat yn Nederlân yndie wol wat stringer beboet wurde, want der falle noch in soad ûngelokken foar, wêr't alkohol mei ûnder spilet.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my fynt dat it dronken ride yn syn/har eigen lân stranger beboete wurde moat.
Reinder wrote:Wat leuk om dy hjir ek wer ris te sjen. Al docht Weerwolf flink aktyf mei, it is ek wol aardich om hjir ris wat oare minsken te sjen.Dminor wrote:Nee, ik leau net dat ik myn hier ea farve ha.
Reinder wrote:Ik wit trouwens net seker ofst it wurd "farve" wol as tiidwurd brûke kinst. Ik ken it wurd "farve" allinnich mar as in haadwurd. Ast it tiidwurd "fervje" op de gewoane manier bûgje soest, soest op "ferve" útkomme.
Reinder wrote:De persoan ûnder my hat dizze wike noch te swimmen west.
Yndie! No, ik besykje ôf en ta in bietsje Noardfrysk te learen, mar it is lestich om te kontrolearjen of ik it ek echt goed doch. Ik brûk ek it meast foarkommende dialekt, dan haw ik noch kâns dat ik der eat oer fyn op it ynternet, mar meastal is it gewoan gokke.Dminor wrote:Ja, ik soe hjir wat faker delkomme moatte. Ik sjoch datsto Noardfrysk opnommen hast, hulde!
It kaam my al net folslein frjemd foar, wist ek wêr't it brûkt wurdt? Yn 'e Klaai of sa?Dminor wrote:It kin wol útkomme datst it net kenst, ik ha mei sin in dialektfoarm brûkt. Sjoch hjirre mar ris.
Nee, it heucht my net mear wannear't ik foar it lêst lulk wie, dus ik bin hast noait lulk, dan moast wol hiel fier gean.Dminor wrote:De persoan ûnder my is net gauris lulk.
Wat fantastysk om hjir ris immen oars te sjen en foaral immen dy't gjin Nederlânsk sprekt. Wolkom hjir.Gibraltar wrote:Ik ha gjin plannen foar moarn.
De persoan ûnder my hat in hûn.
Ik drink net, dus ik haw noch noait in kater fan alkohol hân. Mar ik haw wol in manlike kat, dus haw ik dochs noch in kater.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my hat in kater.
Reinder wrote:De persoan ûnder my hat no offisjeel fakânsje.
Ik byt sels myn neilen ek, mar ik haw gjin koarte neilen. As se hiel koart binne fyn ik it er net sa lekker útsjen, mar ast se gewoan op normale lingte ôfbytst, dan is der neat ôfgrysliks oan.Weerwolf wrote:De persoan ûnder my fynt ôfbiten neilen ôfgryslik.
Nee, dat heart ta it Hollânsk, hè.Plaas wrote:Nee, dat kin ik net. Ik kin wol Tesselsk, mar dat sil wol net meitelle.
Ik hie gjin idee wat in sealtektoer wie, mar ik haw it eefkes opsocht en de tsjerke hjir hat yn elts gefal net sa'n toer.Plaas wrote:De persoan ûnder my wennet yn in doarp dear't wêr't in tsjerke mei in sealtektoer stiet.
Reinder wrote:Nee, dat heart ta it Hollânsk, hè.Plaas wrote:Nee, dat kin ik net. Ik kin wol Tesselsk, mar dat sil wol net meitelle.
De persoan ûnder my fynt Fryslân ien fan de moaiste gebieten fan Nederlân.
Ik kin my yndie foarstelle dat minsken út it noarden fan Noard-Hollân sich net echt Hollânsk fiele, mar dochs wurdt it West-Frysk ta it Hollânsk rekkene.Plaas wrote:Dat fyn ik net. De West-Fryske dialekten foarme in eigen groep mei fansels in protte oerienkomsten mei it Hollânsk, mar ek in soad ferskillen. In oprjochte West-Fries is gjin Hollâner Hollanner, ek al hiet hjit ús provinsje tsjinwurdich sa (mar dat is in flater út de 19e ieu...).
Ik fyn de kar fan it wurd 'min' in bytsje frjemd. Ik soe net sizze dat in provinsje der 'min' útsjocht, dan soe ik tinke dat de provinsje siik is. Miskien is hjir it wurd 'raar' better om te brûken; "Mar de oare provinsjes sjogge der ek net raar út.".Plaas wrote:Ja, ik fyn Fryslân tige moai, mar de oare provinsjes binne ek net min.
Nee, ik lês eins noait Frysk.Plaas wrote:De persoan ûnder my lêst Fryske poëzij.
Sorry, ik hie dyn antwurd hielendal oer de holle sjoen.Weerwolf wrote:Reinder, do hast it antwurd op myn sin fergetten te skriuwen.
Ik haw noch nea fan it wurd 'loksbringer' heard. Ik fyn it wol in aardich wurd en ik wit watst der mei bedoelst. Ik wit hjir sels ek gjin moai Frysk wurd foar. Ik leau dat 'maskotte' dan dochs it bêste wurd is. In geloksdinkje klinkt ek wol in bytsje ûndúdlik.Weerwolf wrote:Nee, myn Frysk is net sa goed goed genôch om poëzy te lêzen.
De persoan ûnder my hat in maskotte (of loksbringer?).
Reinder wrote:Ik kin my yndie foarstelle dat minsken út it noarden fan Noard-Hollân sich net echt Hollânsk fiele, mar dochs wurdt it West-Frysk ta it Hollânsk rekkene.
Dat fyn ik in ynteressante fraach, mar ik moat dochs sizze dat ik better Nederlânsk praat. Ik haw noait Frysk op skoalle hân, dus der binne noch folle dingen, dy't noch in bietsje ûndúdlik foar my binne yn it Frysk. Der is ek net sa folle materiaal foar it Frysk en der binne hieltyd mear Nederlânske wurden dy't derby ynkrûpe. Ik probearje myn Frysk noch altyd wol te ferbetterjen, mar ik leau net dat it oait better wurdt as myn Nederlânsk, der binne noch altyd te folle fraachtekens foar my by sommige taalaspekten, dy't ik net beäntwurde krij, trochdat der net genôch materiaal is foar it Frysk.Plaas wrote:Dochs wol. Ik haw fan_'e moarn it nijs sjûn sjoen.
Dêr is folle debat oer, net alle taalkundigen rekkenje it ta it Hollânsk. Sels doch ik dat ek net, it is in eigen groep mei Hollânske ynfloeden. Yn it suden fan_'e provinsje binne dy ynfloeden fansels dúdliker as yn it noarden.
De persoan ûnder my praat better Nederlânsk as Frysk.
Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”
Users browsing this forum: No registered users and 5 guests