Enthousiaste Friezen gezocht :)

Moderators:Dminor, Reinder

User avatar
Leviwosc
Posts:4743
Joined:2002-06-28, 3:38
Real Name:Reinaldus Adreanus
Gender:male
Location:Tilburg
Country:NLThe Netherlands (Nederland)
Contact:
Re: Enthousiaste Friezen gezocht :)

Postby Leviwosc » 2012-06-08, 6:25

Reinder wolst do nei die bûgings fan de tiidwurden: hawwe en swimme harkje? Ik stean der net fêst op dat ik it hielendal goed dien haw.

http://members.home.nl/rondeleeuw/tiidwurden.pdf
Image Image | Image Image Image Image | Image Image Image

User avatar
Reinder
Language Forum Moderator
Posts:3774
Joined:2011-03-22, 17:21
Gender:male
Country:MXMexico (México)

Re: Enthousiaste Friezen gezocht :)

Postby Reinder » 2012-06-08, 14:45

Leviwosc wrote:Ik fyn it hiel aardich datsto wolst dielnimme wolst yn oan dit projekt.

Ik gean hjir in lystke meitsje mei tiidwurden. Wannear do Asto noch goede tafoegings hawst, sjen sjoch ik dat hiel graach!
Ik spyt my dat ik dy yn it djippe goai en dy hast twing Frysk te skriuwen. Dat hoecht natuerlik net, mar ik fyn it gewoan wol sa aardich om Frysk te skriuwen yn it Fryskfoarum.

Leviwosc wrote:Reinder wolsto do nei die bûgings fan de tiidwurden: hawwe en swimme harkje sjen? Ik stean der net fêst op dat bin der net wis fan of ik it hielendal goed dien haw.
Tink derom dat wannear't 'do' op 'e twadde plak yn 'e sin kom, dan wurdt it wurd 'do' gearlutsen mei it earste wurd. It wurd 'wannear' soe hjir dus 'wannearsto' wurde, mar in dit gefal is 'asto' better. It wurd 'harkje' betsjut 'lústerje', mar der falt neat oan te lústerjen, dus ik nim oan datst hjir 'sjen' bedoelst. Ek kin ik de útspraak 'earne fêst op stean' net, wol de útspraak 'fêst op jins stik stean', mar dat betsjut 'stânfêst wêze'. Ik tink datst 'ik bin der net wis fan' bedoelst.

Ik bin sowieso net wis fan de formele ymperatyf fan wêze, dus ek net fan hawwe en swimme. Ik haw noch nea in ymperatyf mei in 'jo' deryn heard. Foar my klinkt de 'future perfect' hiel frjemd, miskien kist hjir wat sinnen foar meitsje, want ik kin my net goed foarstelle yn hokker sinnen dizze tiid foarkomme kin. Fjirder is de folsleine dantiid by alle trije neffens my noch net goed, ik leau dat it lêste tiidwurd yn 'e sin ek noch bûge wurde moat. Dus dat soe dan by wêze 'ik sil west haw' wurde, mar hjir bin ik ek net hielendal seker fan, sels soe ik it wol sa sizze, mar miskien is it ek wol sprektaal. Ek is it altyd in bietsje lêstich om sokke skema's te meitsjen foar it Frysk, omdat der folle mear mooglikheden mooglik binne. Sa brûk ik yn 'e sprektaal eins altyd 'hewwe' yn stee fan 'hawwe' en 'swemme' yn stee fan 'swimme' en dan binne der natuerlik noch de foarmen fan bepaalde dialekten dy't ek goedkard wurde yn it Frysk. It Frysk is faaks in bietsje in te tolerante taal.

Ik kin my foarstelle, datst dit leaver goed dwaan wolst, ik haw hjir sels noch tefolle fraachtekens by, of alles wol kloppet, mar ik kin noch wol ris wat dinkjes útsykje. En ast foarbyldsinnen hast, kin ik dy ek altyd noch oersette, sa as ik dat dwaan soe.
Image Image Image Image | Image | Image


Return to “Frisian (Frysk/Friisk/Fräisk)”

Who is online

Users browsing this forum: No registered users and 6 guests